Gebedens
BAHÁ'Í GEBEDENS
In kar út gebedens en wurden iepenbiere fan de Báb, Bahá'u'lláh en Abdu'l-Bahá
BERN
O Jo, suvere God! Ik bin in lyts bern; meitsje de skurte fan Jo jefte ta in leaflik rêstplak fan treast, lit my groeie en fied wurde mei de hunnich en de molke fan Jo leafde en bring my grut mei Jo kennis; lit my frij wêze salang't ik in bern bin en jou my ealens!
O Jo, bûtenwenstige God! Meitsje my de fertrouling fan it Keninkryk fan de Unsjenbere. Wierliken, Jo binne de Machtige en de Krêftige.
'Abdu'l-Bahá
BESIKINGEN EN SWIERRICHHEDEN
Is der ien dy't swierrichheden ferdriuwt bûten God? Sis: Eare oan God! Hy is God! Allegearre binne Syn tsjinners en hâlde Syn gebod.
GEASTLIKE GROEI
Skep yn my in suver hert, o myn God, en fernij yn my in rêstich gewisse, o myn Hoop! Bekrêftigje my yn Jo Saak troch de geast fan macht, o myn Meast-Dierbere, en iepenbierje my Jo wei troch it ljocht fan Jo gloarje, o Jo, Doel fan myn langstme! Ferhef my ta de himel fan Jo hillichheid troch de krêft fan Jo alles oertreffende macht, o Boarne fan myn wêzen, en ferbliidzje my troch de amme fan Jo ivichheid, o Jo, Dy't myn God binne! Lit Jo ivichduorjende meldijen myn siel rêst jaan, o myn Selskipsman, en lit de rykdom fan Jo alâlde oansjen my ferlosse fan alles útsein Jo, o myn Master! Lit it boadskip fan de iepenbiering fan Jo ûnfergonklik Wêzen my freugde bringe, o Jo, Dy't de kenberste fan it kenbere binne en de ferburgenste fan it ferburgene!
Bahá'u'lláh
GEASTLIKE RIED
Kom by elkoar yn suvere blydskip en sis dit gebed by it begjin fan de gearkomste.
O Jo, Hear fan it Keninkryk! Alhoewol't ús lichems hjir by elkoar binne, wurde ús betsjoende herten fuortfierd troch Jo leafde en reitsje wy yn ekstaze troch de strielen fan Jo skitterjend antlit. Hoe swak wy ek binne, wy ferwachtsje de iepenbieringen fan Jo krêft en macht. Hoe earm wy ek binne, sûnder goed en middels, dochs helje wy rykdommen út de skatten fan Jo Keninkryk. Alhoewol't wy drippen binne, putte wy út de djipten fan Jo oseaan. Alhoewol't wy stofkes binne, glinsterje wy yn de hearlikheid fan Jo prachtige Sinne.
O Jo, ús Fersoarger! Stjoer Jo bystân del, dat elk dy't hjir sammele is as in brânende kears wurdt, elk in midpunt fan oanlûkingskrêft, elk in ûntbieder ta Jo himelsk ryk, oant wy einl ings dizze wrâld hjir ûnder meitsje ta it evenbyld fan Jo Paradys.
'Abdu'l-Bahá
GENÊZING
Jo namme is myn genêzing, o myn God, en it Jo te betinken is myn medisyn, Jo nei-oan te wêzen is myn hope, en leafde foar Jo is myn selskipsman. Jo genede is myn genêzing en myn stipe yn dizze wrâld en yn de wrâld dy't komme sil.
Jo, wierliken, binne de Alfoldedige, de Alwittende, de Alwize.
Bahá'u'lláh
HELP EN BYSTÂN
Sis:Eare oan Jo Dy't alle Hilligen harren helpleazens bekenne liet foar de mannichfâldige iepenbieringen fan Jo macht oer en dy't elke Profeet syn neat-wêzen erkenne liet by de glâns fan Jo duorjende hearlikheid. 1k smeekje Jo, by Jo Namme dy't de poarten fan de Himel iepen die en de Skare yn de hege mei útskroevenens ferfolle om my yn steat te stellen Jo te tsjinjen yn dizze Dei en my te sterkjen om itjinge Jo foarskreaunen yn Jo Boek nei te kommen. Jo witte, o myn Hear, wat yn my is, mar ik wit net wat yn Jo is.
Jo binne de Alwittende, de alles Kennende.
Bahá'u'lláh
IENHEID
O Jo, leafderyk Hear! Jo hawwe it hiele minskdom út deselde stam skepen. Jo hawwe foarbeskikt dat wy allegearre ta deselde famylje hearre. Foar Jo hillich Antlit binne allegearre Jo tsjinners en it hiele minskdom wurdt fan Jo Tabernakel beskerme. Wy allegearre binne gearkommen om Jo Tafel fan Oerfloed en wurde ferljochte troch it ljocht fan Jo foarsjennichheid.
O God! Jo binne freonlik foar ús allegearre, Jo soargje foar ús allegearre, Jo beskermje ús allegearre, Jo skinke libben oan ús allegearre. Jo hawwe ús allegearre mei talinten en mooglikheden bejeftige; wy allegearre binne dompele yn de oseaan fan Jo genede.
O Jo leafderyk Hear! Ferienigje alle minsken. Lit de godstsjinsten ienriedich wêze. Meitsje de folken ien, dat hja elkoar sjen meie as ien famylje en de hiele ierde as ien heitelân. Meie hja yn ienheid en iendracht mei elkoar omgean.
O God! Heevje heech it findel fan de ienheid fan it minskdom.
O God! Stiftsje de Aldergrutste Frede. Smei de herten oan inoar, o God! O Jo leafderyk Heit, God! Ferbliidzje ús hert mei de swietrook fan Jo leafde. Ferhelderje de eagen mei it ljocht fan Jo lieding. Streakje de earen mei de meldije fan Jo wurd en beskut ús allegearre yn de fêsting fan Jo foarsoarch.
Jo binne de Machtige en de Krêftige! Jo binne de Ferjouwende en Jo binne Dyjinge dy't it tekoartkommen fan it minskdom net telt.
'Abdu'l-Bahá
MOARN
Ik bin ûnder Jo beskutting wekker wurden,o myn God, en it past him dy't dy beskutting siket te ferkearen yn it Hillichdom fan Jo beskerming en yn de Fêsting fan Jo ferdigening. Ferljochtsje myn ynderlik wêzen, o myn Hear, mei de pracht fan de Dage fan Jo iepenbiering, lykas Jo myn uterlik wêzen ferljochte hawwe mei it moarntiidsljocht fan Jo geunst.
Bahá'u'lláh
JÛN
O myn God, myn Master. Doel fan myn langstme! Dizze Jo tsjinner besiket te sliepen yn de beskutting fan Jo genede en te rêsten ûnder it baldakyn fan Jo geunst, smeekjende om Jo soarch en Jo beskerming.
Ik smeekje Jo, o myn Hear, by Jo each dat net sliept, myn eagen te hoedzjen om eat oars te sjen útsein Jo. Sterkje dan harren sjen, dat hja Jo tekens waarnimme en de hoarizon fan Jo iepenbiering oanskôgje meie. Jo binne Dejinge, foar de iepenbieringen fan Waans almacht de kearn fan macht beve hat.
Der is gjin God as Jo, de Almachtige, de Albehearsker, de Unbetinge.
Bahá'u'lláh
STÂNFÊSTIGENS
O Hear, myn God! Help Jo leafsten sterk te stean yn Jo Leauwe, Jo wegen te bewanneljen en stânfêstich te wêzen yn Jo Saak.
Jou harren Jo genede, om de oanfallen fan selssucht en begearte te wjerstean en it ljocht fan godlike Lieding te folgjen.
Jo binne de Krêftige, de Genedige, de Troch-Himsels-Besteande, de Skinker, de Meilydsume, de Almachtige, de Alfoldiedige.
'Abdu'l-Bahá
are gebeden
copyright: Bahá'i Selskip Fryslân