skiednis

  Bahá'í Selskip Fryslân
  • aktiviteiten
  • Thús
  • Skiednis
  • Leringen
  • Gebedens
    • Gebedens
  • Geskriften
  • Nijs
  • Kontakt
  • open space
Thús
Skiednis
Leringen
Gebedens
Geskriften
Nijs
Kontakt
Activiteiten
Open Space

It Bahá'í Leauwe binne trije figueren wichtich foar: ​

De Báb
Bahá'u'lláh
'Abdu'l-Bahá​​
Picture
De Báb
De earste fan harren is in jong feint, ôfkomstich
út
Shíráz, dy't Mirzá 'Ali-Muhammad hiet en bekind wurden is ûnder de namme Báb (Poarte).
Yn maaie 1844, doe't er 25 jier wie, makke Er der oanspraak op, de Heraut te wézen, dy't yn oerienstimming mei de Hillige Skriften fan eardere Godsbeskikkings, de komst oankundigje moast fan en de wei reemeitsje foar Immen dy't grutter wie as Hijsels, waans sinding neffens dyselde Skriften in tiidrek fan gerjochtichheid en frede ynliede soe. Dat tiidrek moat beskôge wurde as de ferfolling fan alle eardere Godsbeskikkings; dêmei begjint in nije syklus yn de skiednis fan de Godstsjinsten. Swiere ferfolgings, lansearre mei de mienskiplike ynset fan geastlikheid en steat yn it bertelân fan de Báb, gyngen foarôf oan Syn arrestaasje op it lêst; Syn ferballing nei de bergen fan A
dhirbáyján; Syn finzen set wurden yn de forten Máh-Kú en Chihríq en Syn terjochtstelling yn july 1850 yn Tabríz. Minstens tweintichtûzen fan Syn folgelingen fûnen op sa'n barbaarske wize de dea dat hja de simpaty en ûnferdielde bewûndering oprôpen fan ytlike westerske skriuwers, diplomaten,  reizigers en learden. In mannich fan harren wiene tsjûge fan dizze skriklike ûtbarstings en neame se yn harren boeken en reisferslaggen.*
​
  • Nochhieltyd wurde de Bahá'ís ûnrjochtfeardich behannele; hjoed-de-dei wurde se yn Iran op wrede en ôfgryslike wize ferfolge.


Picture
Bahá'u'lláh
De twadde is Mirzá Husayn-'Ali, dy't Bahá'u'lláh (de Hearlikheid Gods) neamd wurdt. Hy wie ôfkomstich út Mázindarán, en Syn kommen wie troch de Báb foarsein. Ek Hy waard it slachtoffer fan ûnwittenheid en fanatisme. Hy waard finzen set yn Tihrán; yn 1852 út Syn bertelân ferballe nei Baghdád, doe nei Constantinopel (Istanbul), Adrianopel (Edirne) en op't lêst nei de de finzenisstêd 'Akká,dêr't Er 24 jir opsletten bleau oant Er yn 1892 yn Bahjî ferstoar. Yn de rin fan Syn ballingskip, benammen yn Adrianopel en 'Akká, formulearre Er de wetten en oarderings fan Syn Iepenbiering, lei yn mear as hûndert geskriften de begjinsels fan Syn  Leauwe fêst, ferkundige Syn boadskip oan de keningen en hearskers fan de kristlike en mohammedaanske wrâld yn east en west, en rjochte him ta de Paus, de kalyf fan de Islam, de presidinten fan de Amerikaanske republiken, de hiele kristlike geastlikheid, de lieders fan de Shí'ah en Sunni Islam en de hegepreesters fan de zoroastryske godstsjinst. Yn dizze geskriften ferkundige Er Syn Iepenbiering, trune harren oan gehoar te jaan oan Syn oprop en harren te bekennen ta Syn Saak, warskôge harren foar de konsekwinsjes fan harren eventuele wegering en feroardiele yn in mannich gefallen harren arrogânsje en eigenwille.​


Picture

'Abdu'l-Bahá

De tredde is Syn âldste soan, 'Abbas Effendi, bekind as 'Abdu'l-Bahá (tsjinner fan bahá), dy't troch Bahá'u'lláh oanwiisd waard as Synrjochtmjittige opfolger en gesachhawwend útlizzer fan Syn learingen. Fan Syn iere bernejierren ôf hie Er op it naust ferbûn west mei Syn Heit en hie Dy Syn ferballing en besikungs dield; Hy bleau in finzene oant Er yn 1908 as gefolch fan revolúsje fan de jong-Turken befrijd waard. Nei't Er nei Haifa gien wie te wenjen, gyng Er al gau oan board fan in skip foar in reis fan trije  jier nei Egypte. Europa en Noard-Amearika. Yn de rin fan dizze reis ljochte Er foar grutte kloften harkers de learingen fan Syn Heit ta en foarsei it tichterby kommen fan in ramp dy't mei gauwens de minskheid treffe soe. Hy gyng wer nei hûs flak foar de Earste Wrâldkriich, yn hokker perioade Er oanienwei yn gefaar wie, oant Palestina befrijd waard troch de troepen fan generaal Allenby, dy't Him en Syn lytse espeltsje meiballingen yn 'Akká en Haifa mei de grutste achtinge bejegene.
'Abdu'l-Bahá ferstoar yn 1921 en waard begroeven yn itselde Mausoleum dat Er yn opdracht fan Bahá'u'lláh foar it stoflik omskot fan de Báb bouwe litten hie.


Wolle jo in folslein oersjoch fan de bahá'i  skiednis klik hjir

Thús
Skiednis
Leringen
Gebedens
Geskriften
Nijs
Kontakt
Activiteiten
 copyright: Bahá'i Selskip Fryslân
Powered by Create your own unique website with customizable templates.
  • aktiviteiten
  • Thús
  • Skiednis
  • Leringen
  • Gebedens
    • Gebedens
  • Geskriften
  • Nijs
  • Kontakt
  • open space