Leringen
Bahá'u'lláh leart dat de beskaving har ûntjûn hat oant in punt dat de ienheid fan it minskdom folsleine betingst is. Yn de wurden van Shoghi Effendi:
"It Bahá'í Leauwe ferkundiget de needsaak fan it ienwurden fan de minskheid dat net te kearen is, ferklearret dat it geliedlik tichterby komt en makket der oanspraak op dat it allinne de werskeppende geast fan God dy't wurket troch de mûle fan Syn útferkarde Wurdfierder, by einsluten slagje sil soks ta stân te bringen. It leit boppedat Syn folgelingen de plicht op, oanienwei nei de wierheid te skyjen, fersmyt alle foarmen fan foaroardiel en byleauwe, ferklearret dat religy ta doel hat, freonskip en kammeraatskip te befoarderjen, ferkundiget it ûnmisber mei inoar opgean fan religy en wittenskip en erkent dat soks it wichtichste middel foarmet ta de freedsume en oarderlike foarútgong fan de minsklike maatskippij. It hâldt fêst oan it ûnferwrigber begjinsel fan gelikense rjochten, kânsen en foarrjochten foar manlju en froulju, stiet oan op ferplichte ûnderwiis, skeaklet utersten fan earmoede en rykdom út, heft de ynstelling fan it preesterskip op, ferbiedt slavernij, assetisme, bidlerij en it kleasterwêzen, skriuwt monogamy foar, riedt echtskieding ôf, leit de klam op 'e needsaak fan hearrigens oan it regear, ferheft elk wurk dat ta stân komt yn in geast fan tsjinstberens ta it nivo fan oanbidding, stiet oan op de skepping of kar fan in ynternasjonale helptaal en jout it grûnpatroan foar de ynstellings dy't de algemiene frede fan de minskheid grûndearje en hanthavenje moatte."
De Bahá'í mienskip wurdt bestjoerd neffens de grûnbegjinsels dy't troch Bahá'u'lláh ferkundige waarden, en troch de ynstellings dy't troch Him yn it libben roppen en troch 'Abdu'l-Bahá fierder ûntwikkele en ûntploaid waarden. Dy begjinsels en ynstellings foarmje it Bahá'í besttjoersstelsel. De Bahá'ís leauwe dat dit stelsel in blaudruk is foar de takomstige wrâldoarder.

Wurden fan Bahá'u'lláh
"De ierde is mar ien lân, dêr't alle minsken de boargers fan binne." "Men moat jin der net op beromje jins heitelân leaf te hawwen, mar men moat der in eare yn stelle de wrâld leaf to hawwen." "Alle minsken binne skepen om in aloan greater wurdende beskaving ût te dragen." "lt is de plicht fan alle folken op 'e wrâld om har skelen by te lizzen en yn folsleine ienheit en frede to libjen." "Hâld jo net mei josels dwaende. Lit de forbettering fan de wrâld en de opfieding fan de folken jo doel wêze." "Wit dat yn elk tiidrek en elke Godsbiskikking alle Godlike oarderingen foroare wurde en wizige oerienkomstich de easken fan 'e tiid, útsein de Wet fan 'e Leafde dy't lyk in boarne altyd rint en nea oan foroaring bleatsteld is." "Ferkear mei de folgelingen fan alle godstsjinsten yn in geast fan freonlikens en kammeraetskip." "It Tabernakel fan Ienheit is oprjochte; biskôgje inoarren net as frjemden. Jim binne de fruchten fan ien beam en de blêdden fan ien tûke." |
Bahá'í Selskip Fryslân