Ynlieding

It Bahá'í Leauwe waard troch Bahá'u'lláh sa likernôch yn it midden fan de njoggentjinde ieu yn Perzië stifte. De Stifter moast in rige ferbanningen ûndergean dy't eindigen yn de Turkske straffinzenis te Akká yn it Hillige Lân.
It permaninte bestjoeerssintrum foar alle Bahá'ís fan de wráld is yn Haifa festige. Sa't bliken docht út de ûndûbelsinnige útspraken fan Bahá'u'lláh en út de alle kontininten te fernimmen groei fan de Bahá'í mienskip, moat dit leauwe besjoen wurde as in wrâldreligy, dy't yn de rin fan de tiid in wrâldmienskipssteat ta gefolch hawwe sil. Dat sil it begjin wêze fan de Gouden ieu fan de minskheid; yn dy ieu sil de ienheid fan it minskdom sûnder dat dêr noch wat tsjin ynlein wurdt festige wêze, har folwoeksenens berikke en har gloarieuze bestimming fine yn de berte en ûntjouwing fan in wrâldomfiemjende beskaving.
It fundamintele begjinsel yn de ferkûndiging fan Bahá'u'lláh is, neffens de fêste oertsjûging fan syn folgelingen, dat religieuze wiesheid net absolút mar relatyf is; dat alle yn de wrâld bekinde grutte religys godlik fan oarsprong binne; dat harren grûnstellingen folslein mei-inoar oerienstimme; dat har eachmerk en doel ien en itselde binne; en harren learingen inkeld fasetten fan ien wierheid binne; dat harren funksjes inoar oanfolje; dat se alline mar ferskille yn de net-essinsjele aspekten fan harren learingen en dat harren sindingen op inoar folgjende stadia yn de geastlike ûntjouwing fan de minsklike maatskippij foarmje.

copyright: Bahá'í Selskip Fryslân