De folgende literatuer is yn it Frysk
De Fjouwer Fallleien wie oarspronklik skreaun yn it Perzysk, is letter oerset yn it lngelsk en dizze Fryske utjefte is dêrfan wer in oersetting.
lt geskrift is yn brievefoarm makke en rjochte aan de gelearde Shaykb 'Abdu'r-Rahmán yn de stêd Karkûk yn Kurdistán, tabehearrend aan lráq. Bahá-u-lláh (1817-1892) skreau dat wurk yn Bagdád inkelde jierren foar Syn Deklaraasje (1863) as Manifestaasje fan God foar it 'no kammende tiidrek'.
lt geskrift is yn brievefoarm makke en rjochte aan de gelearde Shaykb 'Abdu'r-Rahmán yn de stêd Karkûk yn Kurdistán, tabehearrend aan lráq. Bahá-u-lláh (1817-1892) skreau dat wurk yn Bagdád inkelde jierren foar Syn Deklaraasje (1863) as Manifestaasje fan God foar it 'no kammende tiidrek'.
4_falleien.pdf | |
File Size: | 370 kb |
File Type: |
De fisy fan Bahá'u'lláh dat it minskdom ien folk en de ierde ien mienskiplik heitelân is, is in fisy dêr't it minskdom tsjinwurdich har hope op festige hat, alhoewol't hja troch de wrâldlieders oan wa't dy mear as hûndert jier ferlyn foar it earst ferkundige waard fuort oan 'e kant skood waard. Oan it ynstoarten fan de seedlike en maatskiplike oarder, dy't yn dyselde ferklearring mei ûntsachlike dúdlikens foarsjoen waard, is krekt allyk net te ûntkommen.
bahaullah.pdf | |
File Size: | 1919 kb |
File Type: |
Dizze karlêzing út de skriften en taspraken fan 'Adu'l-Bahá is foar it grutste part ûntliend oan Syn taspraken , dy't er yn 1912 yn de Feriene Steaten hâlde.
in_kar.pdf | |
File Size: | 635 kb |
File Type: |
De Grutte Frede dêr't de minsken fan goede wil alle ieuwen troch yn har hert nei longere ha, dêr't sjenners en dichters ûntelbere generaasjes lang yn fisioenen fan tsjûge ha en dy't troch de hillige geskriften fan it minskdom hieltyd wer beloofd waard, is no lang om let binnen it berik fan 'e naasjes kommen. Foar it earst yn 'e skiednis is it foar elkenien mooglik om de hiele planeet, mei syn einleas ferskaat fan folken, yn ien perspektyf oer te sjen. Wrâldfrede is net inkeld mooglik, mar sels ûnûntkomber. Dy frede is it folgjende stadium yn 'e evolúsje fan ús planeet, mei de wurden fan in grut tinker 'de planetisearring fan it minskdom'.
de_belofte_fan_wraldfrede.pdf | |
File Size: | 379 kb |
File Type: |
|
Hwerom leauwe?
Rounom om ús hinne sjogge wy foaroardiel, erchtinkendheit, freze en haet. Hoe kinne wy op dizze ierde yn frede mei inoar libje as wy inoar net mei betrouwen temjitte komme kinne? Nei alle gedachten hat der nea in tiid west dat de alles oerhearskjende behoefte oan ienheit dúdliker wie as op 't heden! |
Dizze en oare boeken kinne jo keapje: sjoch hjir
Copyright: Bahá'í Selskip Fryslân